Skorsing foar rúzje by wedstriid

05 aug 2006 - 10:18

De opskuor tusken de fuotbalspilers fan Cambuur en RKC Waalwijk ôfrûne tiisdei yn Frjentsjer, krijt foar Rick Hooijboer fan Cambuur en Ricky van den Bergh fan RKC Waalwijk in ferfelend sturtsje.

It fuotbalbûn KNVB hat beide fuotballers in skorsing oplein. Hooijboer krijt in skorsing fan trije duels, wêrfan ien ûnder betingst. Van den Bergh moat fiif wedstriden, wêrfan ien ûnder betingst, oan de kant stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)