9 Oernamekandidaten Steenklip

04 aug 2006 - 15:34
Foto: Omrop Fryslân

Der hawwe oant no ta njoggen bedriuwen belangstelling toand om de fallite Snitser stienhouwerij De Steenklip oer te nimmen. Dat seit kurator Verdonk. Oant moandeitemiddei 15.00 oere kinne bedriuwen dy't belangstelling ha, har melde by Verdonk.

De kurator wol besykje in kandidaat te finen dy't in trochstart meitsje wol mei in meiwurkersbestân dat in ôfspegeling is fan it personiel fan no. It bedriuw hie 61 meiwurkers.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)