Dyk by Wynjewâld makke

04 aug 2006 - 14:50

Provinsjale wettersteat hat freedtemoarn in stik dyk by Wynjewâld makke. De provinsjale dyk rekke fannewike fernield, nei't der in wetterliedingbuis sprongen wie. De dyk moast doe iepenbrutsen wurde om de buis te ferfangen.

It gat waard earst provisoarysk opfolle mei klinkers. Dy meitsje lykwols in soad leven as der auto's oerhinne ride. Dêrom is de dyk earder asfaltearre as de bedoeling wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)