Oanhâlding foar drugsbesit

© Omrop Fryslân
De plysje fan Ljouwert hat freedtemoarn betiid in 24-jierrige man út Grins oanhâlden omdat er drugs by him hie. Meiwurkers fan in hoarekagelegenheid oan it Ruterskertier hiene sjoen dat de man in tas by him hie, mei drugs deryn.
Se bellen de plysje en dy hat de man meinaam nei it buro. Yn de tas sieten wat xtc-pillen en wikkels dêr't nei alle gedachten ek drugs ynsieten.