Wer wetteroerlêst Dokkum

04 aug 2006 - 07:01
Foto: Omrop Fryslân

By fûle buien is der wer wetteroerlêst yn de Dokkumer wyk Súdwest. De lêste dagen is dat in pear kear foarkaam. By de Burdaarderstrjitwei stean huzen dêr't de gong, de wenkeamer of de badkeamer ûnderrûn is.

It giet om in bekend probleem. Der ha yn in part fan de wyk al oanpassings west oan it rioel, mar dat hat de wetteroerlêst net folslein oplost. De bewenners besykje mei de gemeente ta in oplossing te kommen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)