Hearrenfean wint oefenwedstriid

03 aug 2006 - 16:14

Sportklub Hearrenfean hat woansdei yn in oefenwedstriid mei 4-2 wûn fan earste divyzjeklub Veendam. Veendam kaam mei 2-0 foar troch doelpunten fan Marnix Kolder. Ugur Yildirim makke út in frije traap de oanslutingstreffer.

Yn de twadde helte kamen njoggen nije spilers yn it fjild. Niklas Tarvajärvi soarge der yn tsien minuten foar dat Hearrenfean mei 3-2 foar stie. Lasse Nilsson makke út in penalty 4-2.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)