Wim Stroetinga wint Appelskea

© Omrop Fryslân
Wim Stroetinga fan Aldeberkeap wie woansdeitejûn de bêste yn it kritearium fan Appelskea. Yn de finale sprong earst Jos Harms (Oude Pekela) út de seis man sterke kopgroep. Wim Stroetinga wie de iennichste dy't Harms noch te pakken krige en dêrnei hiel maklik wûn. De Poal Adam Wadecki waard tredde, Maint Berkenbosch fjirde.
Ferline jier wie Stroetinga ek al de winner fan de Ronde fan Appelskea.