Autodieven oanholden

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert binne woansdei twa manlju oppakt, omdat se in auto stellen hiene. De plysje seach de auto hurd fuortriden op de Skrâns. Op de Raadhuisstrjitte stoppe de bestjoerder en rûn mei in passazjier hurd fuort.
De plysje sette de achterfolging yn en koe beide oanhâlde. It giet om manlju fan 51 en 19, beide út Ljouwert. Ut ûndersyk die bliken dat se de auto earder dy deis stellen hiene op in parkearterrein by Haskerhoarne.