Bejaarden ferwûne by ûngelok

© Omrop Fryslân
By in botsing woansdei yn Snits binne trije minsken ferwûne rekke. In autobestjoerder (86) út Blauhûs seach op de Worp Tjaardastrjitte te let dat der in auto stilstie om linksôf te slaan. Hy ried der boppe op.
De bestjoerder en syn passazjier (82) rekken bekneld en moasten troch de brânwacht út de auto helle wurde. Se binne nei it sikehûs brocht. De frou dy't yn de stilsteande auto siet, is mei nekklachten nei it sikehûs rekke.