Mooglik flaters wenwyk Flylân

03 aug 2006 - 12:19

By de bou fan 23 hûzen yn de wyk Duinwijck op Flylân binne mooglik dochs flaters makke. Dat docht bliken út ûndersyk fan de TU Delft. Der binne problemen mei de fundearring, wêrtroch't de hûzen fersakje.

Wa't de kosten fan de reparaasjes betelje moat, is noch net dúdlik. De gemeente Flylân wol earst om 'e tafel mei eigen saakkundigen om te sjen hoe't de problemen oanpakt wurde kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)