Trelit by befeiliging PC

© Omrop Fryslân
De opskuor by de PC yn Frjentsjer is wer delbêde. De befeiliging yn it sintrum fan Frjentsjer is sa strang dat guon minsken net talitten wurde. Dat kaam ek in materiaalman fan de PC oer.
De materiaalman mocht net trochride, mar joech dochs even gas. Dêrnei ûntstie der rûzje. Nei't de plysje bemiddeljend optreden hat, besleat de befeiliger ôf te sjen fan oanjefte. De materiaalman hat syn ekskuzes oanbean.