Aris hellet wer in Amerikaan

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter basketbalklub Aris hat wer in nije Amerikaan oanlutsen. It giet om de center Gary Ware. De 22-jierrige basketballer is al wer de fiifde Amerikaan dy't troch Aris oanlutsen is foar it nije seizoen.
De 22-jierrige Ware komt oer fan Purdue University. Dêr skoarde hy gemiddeld 7,3 punten. In oare Amerikaan, Gabe Martin, ferlit Aris. Hy giet om privé-omstannichheden werom nei syn heitelân.