Nije organisaasje melkfeehâlders
In nije organisaasje fan melkfeehâlders wol de daling fan de molkpriis stopsette. De Dutch Dairymen Board wol in ridlike priis ha foar har molke.
Neffens bestjoerslid Jaap Majoor fan Aldeholtwâlde is de organisaasje needsaaklik. In soad bedriuwen sitte yn in minne finansjele situaasje. De Hollânske organisaasje is in ûnderdiel fan it European Milk Board.