Mear jild foar brêge-ûnderhâld

© Omrop Fryslân
De gemeente Wymbritseradiel lûkt de kommende fiif jier in heal miljoen euro mear út foar it ûnderhâld oan de gemeentlike brêgen.
It ekstra jild is nedich om't út ûndersyk bliken dien hat dat sân brêgen der min oan ta binne. De brêgen yn Greonterp en oan de Ruterpolderwei yn Drylst binne der sels sa slim oan ta dat se noch dit jier ferfongen wurde moatte.