Dag van de Glimlach yn Dokkum

© Omrop Fryslân
De tsjerken yn Dokkum organisearje op 3 septimber de Dag van de Glimlach. It is in opdracht fan in nij tv-programma fan de KRO. Dêryn wurdt de Dokkumer rooms-katolike tsjerke de hiele simmer folge. De parochy is frege in grut evenimt te organisearjen om de tsjerke fol te krijen.
De fiering wurdt hâlden yn de Bonifatius-kapel yn Dokkum. De tsjerken hoopje de kapel hielendal fol te krijen.