Ynfoege op brêge slagget net

01 aug 2006 - 16:26

Op de Koningsbrêge yn Harns hat in oanriding moandei foar opûnthâld soarge. In autobestjoerder (31) út Berlyn tocht dat er noch krekt foar in oankommende frachtauto ynfoege koe. Mar dat slagge net, omdat der net genôch romte wie. De auto rekke de brêgeleuning en kaam midden op de brêge ta stilstân.

Plysjes hawwe de brânwacht ynskeakele, om't se in brânlucht rûkten. De auto is doe fuortsleept.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)