Lieding knapt: N381 ûnder wetter

© Omrop Fryslân
De provinsjale dyk N381 Drachten- Beilen is wer iepen. De dyk wie sûnt moandeitejûn by Wynjewâld ôfsletten foar it ferkear, omdat der in wetterlieding sprongen wie. In âlde asbestbuis wie knapt, nei alle gedachten omdat er al hiel âld is. Der kaam in soad wetter op de dyk te stean.
Wetterbedriuw Vitens hat de hiele nacht en moarn oan de gong west om de buis te ferfangen.