Profesjonele ynteresse yn boaiem

© Omrop Fryslân
Foaral makelders en taksateurs meitsje gebrûk fan de boaiemsanearingskaart fan de provinsje Fryslân. Dy kaart stiet op ynternet en der steane gegevens yn oer grûnfersmoarging en ûndersiken nei fersmoarging.
Fan alle Fryske gemeenten ûntbrekke allinnich de gegevens fan Ljouwert noch. Foar alle oare gemeenten is te sjen of der earne sprake is fan fersmoarging en of dêr ûndersyk nei dien is.