Brân op Boskplaat gau út

01 aug 2006 - 14:16

Op de Boskplaat op Skylge hat moandei oan de ein fan de middei brân west, op de hichte fan peal 20. De brânwacht fan Midslân hat it fjoer útmakke, mei help fan ferskate eilanners en badgasten. Mei-elkoar koene se foarkomme dat der in grutte brân ûntstie op de Boskplaat.

Sawat in fjirde bunder begroeiing is ôfbaarnd. De oarsaak is net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)