Flyers docht stap nei ûnderen

01 aug 2006 - 10:29

IJshockeyclub Vadeko Flyers fan It Hearrenfean sil kommend seizoen net útkomme yn de heechste divyzje fan ús lân. It bestjoer set frijwillich de stap om ien klasse leger te spyljen.

Neffens it bestjoer hat der de lêste jierren gjin sprake west fan sûne beoefening fan de ijshockeysport. De earedivyzje bestiet mar út seis clubs, mei in soad bûtenlânske spilers. De Flyers wol regionale talinten it kommende jier mear kânsen jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)