Fytsfreonlike site Nijefurd

© Omrop Fryslân
Nijefurd hat fan alle gemeenten yn Nederlân de beste website foar minsken dy't klachten ha oer fytspaden. Dat fynt de Fietsersbond. Dy hat alle mailadressen en klachteformulieren fan gemeenten besjoen.
Trijekwart fan de gemeenten jout op de website de mooglikheid om in klacht oer bygelyks skeeflizzende tegels troch te jaan, mar faak moat dêr lang nei socht wurde. By Nijefurd is op de thússide al in klachteknop te finen.