Problemen by bou akwadukt

01 aug 2006 - 10:10

De bou fan it akwadukt Jeltesleat by de Hommerts rint noch altiten achter op skema. Yn maaie sakke in part fan de daamwand yn. Dêrtroch rûn de put fol mei wetter. Oant no stiet de put noch hieltyd fol en is de oarsaak fan it probleem noch net bekend.

In oar probleem is de opbou fan de wand. Dêrfoar moatte fjouwer stielen peallen út België komme. De leveransier wol foar in pear peallen lykwols net nei Fryslân ôfreizgje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)