Iepen Stâl Aldeberkeap begûn

© Omrop Fryslân
De earste dei fan de keunstmanifestaasje Iepen Stâl yn Aldeberkeap wie sneon in sukses. Hûnderten minsken ha de rûte rûn.
Minsken kinne op 25 lokaasjes yn it doarp in grut ferskaat oan keunst sjen. Dy stiet útstald yn bygelyks in hynstestâl, yn tunen of skuorren. Tema dit jier is 'Wat het licht doet'. Iepen Stâl duorret noch oantemei ein augustus.