Dieverij op camping
Twa kampearders op in camping op Formerum op Skylge ha snein in radio, in discman en in steapel cd's stellen út de tinte njonken har. De twa hiene har tinte oppakt en har guod yn in buske dien, mar ek guod by de buorlju wei meinaam.
Doe 't se mei it buske fuort soene, ûntdutsen de buorlju dat har ynstallaasje fuort wie. De plysje fûn it spul yn it buske. De fertochten ha bekend.