SC Hearrenfean wint mei 9-0

31 jul 2006 - 11:23

Sportklub Hearrenfean wûn sneontejûn de oefenwedstriid yn en tsjin Bûtenpost mei 9-0. Rob Friend makke trije doelpunten, Niklas Tarvajärvi en Danijel Pranjic beide twa en fierder Lasse Nilsson en Afonso Alves.

Sa'n 2.000 taskôgers seagen de earste helte mooglik it basisteam. Dat binne doelman Vandenbussche, achteryn Drost, Zuiverloon, Dingsdag en Hansson, op it middenfjild Prager, Alves en Bosvelt en foaryn Nilsson, Friend en Pranjic.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)