Strjitrôf op it Hearrenfean

© Omrop Fryslân
In ynwenster fan Sânhuzen (19) is sneontemoarn har tas kwytrekke by in strjitrôf op it Hearrenfean. Se rûn troch in fytstunnel yn de buert fan it stasjon doe't twa manlju besochten har tas ôf te pakken. Doe't se net losliet, krige it famke in skop.
Se rekke dêrby ferwûne en moast foar behanneling nei it sikehûs. De twa manlju koene útnaaie mei de tas. Inkelde oeren letter waard ek in 34-jierrige man berôve fan syn beurs.