Agressive bromfytser oanhâlden

30 jul 2006 - 14:47

De plysje hat sneintemoarn oan de Tsienzerbuorren yn Reduzum in 40-jierrige bromfytser oanhâlden. De man ried te hurd oer de N354 yn de rjochting fan Ljouwert, doe't de plysje him yn it each krige.

De man negearre lykwols it stopteken fan de plysje en ried hurd troch. Nei in efterfolging krige de plysje him by it fiadukt te pakken. It die bliken dat de man te folle dronken hie. Hy waard agressyf by syn oanhâlding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)