Rúzje yn Drachten

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintemoarn twa 18- jierrige jonges út Drachten oanhâlden nei in rúzje yn it sintrum. Oan de Kaden krigen twa groepen wurden mei inoar en de plysje moast deroan te pas komme om de groepen út inoar te hâlden.
Ek it personiel fan in kroech yn de buert moast de plysjeminsken helpe. De plysje frege de groepen om fuort te gean, mar twa jonges diene dat net. De plysje hat harren doe meinaam nei it buro.