Tydlike boartoer It Hearrenfean

30 jul 2006 - 14:09

Op yndustryterrein de Kavels op It Hearrenfean wurdt dizze dagen begûn mei de bou fan in tydlike boartoer. De toer komt op it terrein fan Oenema. It is de bedoeling om te sjen oft alle ûnderdielen wol levere binne.

As bliken docht dat alles yn oarder is, wurdt de boartoer wer út inoar helle. Dêrnei wurde de ûnderdielen nei de einbestimming ferfierd. De opbou duorret trije moanne. De toer wurdt 30 meter heech. Hy bliuwt 3 wike stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)