V.d. Meulen wint yn Seisbierrum

© Omrop Fryslân
De frije formaasjepartij yn Seisbierrum is wûn troch Johan van der Meulen, Kor Zittema en Taeke Triemstra. Sy wûnen de spannende finale op 5-5 en 6-6 fan Jochum Bouma , Tjitte Bonnema en Cornelis Terpstra. It is de achtste oerwinning fan dit seizoen foar it partoer van der Meulen.
De lytse preemje gong nei Sibbele Lootsma, Hylke Bruinsma en Marten Feenstra.