Oanriding op Skylge

© Omrop Fryslân
Op Skylge is freedtemoarn in 58-jierige frou út Amsterdam slim ferwûne rekke by in oanriding yn West. In 21-jierige motorrider út Nijskoat ried de frou oan, doe't se samar de Hoofdweg oer stuts. De motorrider hat noch besocht te remjen, mar dat slagge net mear.
Letter die bliken dat se min sjen koe. Se is mei ûnbekend letsel mei de traumahelikopter oerbrocht nei it sikehûs fan Ljouwert.