Klûs ferplichte foar sjitwapens

29 jul 2006 - 14:21

Fan takom wike ôf moat elk mei in sjitwapen in wapenklûs hawwe. Fan 1 augustus ôf is soks ferplichte. Fierwei de measte minsken hawwe de saken aardich foarinoar.

Fryslân hat in soad wapenbesitters lykas jagers en dat bestjut dat de plysje it drok hat mei ferplichte kontrôles, alle jierren ien kear. As der wat net yn oarder is, wurdt der yn de measte gefallen in warskôging jûn en dêrnei wurdt der wer kontroleard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)