Minder ynvestearre troch NOM

29 jul 2006 - 13:47

Fryske bedriuwen kinne op 't heden frij maklik oan jild komme foar útwreidings of nije produkten. Dat hat te krijen mei de goede ekonomyske foarútsjoggen. De bedriuwen hoege hast gjin berop te dwaan op de Noardlike ûntwikkelingsmaatskippij, de NOM.

Dat docht bliken út it jierferslach fan de NOM oer ferline jier. De NOM hat ferline jier goed 18 miljoen euro ynvestearre. De NOM ynvestearret syn jild no foar de helte yn starters.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)