Jonge seebramangoesten Aquazoo

© Omrop Fryslân
Bistepark Aquazoo by Ljouwert hat der sûnt dizze wike twa sebramangoesten (in soarte kjifdieren) by. It is de twadde kear dat dizze soarte him fuortplantet yn it park. De mem hat de jongen al mei nei bûten naam.
Besikers dy't se sjen wolle, moatte goed útsjen. De lytse seebramangoesten ha in grize kleur en binne dêrtroch dreech te werkennen yn de modderige omjouwing fan it nêst.