Part Tonerfill nei Roemenië

© Omrop Fryslân
De direksje fan it bedriuw Tonerfill yn Ljouwert seit it spitich te finen dat 44 wurknimmers har baan ferlieze moatte. Tongersdei waard bekend dat Tonerfill reorganisearje moat. It bedriuw mei 127 man personiel makket inktpatroanen foar printers.
Tonerfill sil parten fan de produksje nei Roemenië oerbringe. Dêr kin goedkeaper produsearre wurde. De maatregel is nedich, neffens direkteur Aukema, fanwege tanommen konkurrinsje.