Famkes oerfallen yn Honduras

© Omrop Fryslân
Under de tolve jongeren dy´t tiisdeitejûn oerfallen binne yn Honduras, wiene ek twa Fryske famkes, de 16-jierrige Annemarije_Pompstra út Kollumersweach en de 18-jierrige Emke_van_den_Berg út Ternaard. De famkes wiene op stúdzjereis yn Honduras.
Wapene banditen hawwe de jongeren tusken de 16 en 25 jier oerfallen. Dêrby skeaten se en uteren se bedrigings. Ek hawwe de oerfallers harren fergrepen oan twa famkes.