Fisken Waadsee sykje ferkuolling

© Omrop Fryslân
It wetter yn de waadsee is sa waarm, dat fisken en skulpdieren nei ûnder oaren de Noardsee lûke om ferkuolling te sykjen. It wetter yn de Waadsee jout in waarmterekord oan. Dat melde ûndersikers. Yn 2003 waard it wetter 24 graden, mar dizze wike rûn de temperatuer op nei 24,2 graden.
De ûndersikers hawwe gjin hurde sifers oer de ferhuzing, mar se nimme oan dat de bisten mei dizze temperatueren it koelere wetter opsykje.