40 deade fûgels troch botulisme

28 jul 2006 - 08:24

De Fûgelwacht fan Ljouwert is ferbjustere oer it oantal botulismeslachtoffers dat fûn is yn Ljouwert. Om't by Wetterskip Fryslân dêr neat oer melden is, wie it ek net bekend.

Der binne no al 40 deade fûgels fûn en dêr komt de fangst fan tongersdei noch by. Sike fûgels wurde behannele en geane nei de Fûgelhelling yn Oerterp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)