Deadlik ûngelok by Snits

28 jul 2006 - 08:24

In 19-jierrige man út Bûtenpost is tongersdeitemoarn op de A7 fan de Jouwer nei Snits om it libben kommen. De bestjoerder rekke mei de auto yn de middenberm. By syn poging om de dyk wer op te kommen, sloech de auto in pear kear oer de kop.

De man waard út de auto slingere en ferstoar op it plak fan it ûngelok. Ien rydstrook op de A7 wie in skoft ôfsletten, omdat de plysje ûndersyk die nei de tadracht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)