Ferljochting Harkema yn 'e war

28 jul 2006 - 08:23

Yn de Warmoltstrjitte op'e Harkema like it al betiid kryst. Dêr baarnde de strjitferljochting al in pear wike 24 oeren deis. Guon lampe-peallen floepten spontaan oan oerdei en guon baarnden dei en nacht troch.

Enerzjybedriuw NUON wie tongersdei drok dwaande de steuring te ferhelpen, mar dêrom moast de stroom der wol ôf. En sa sieten 25 húshâldens sûnder stroom. De steuring is yntusken oplost.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)