Akkoart skuldsanearring Cambuur

© Omrop Fryslân
De fiif krediteuren fan Cambuur gean akkoart mei de skuldsanearring fan de fuotbalklub. De fiif hiene earder in saak oanspand tsjin de klub om't se mear jild ha woene as de 20 persint dy't se no krije.
It gerjochtshof bepaalde dat soks net oan de oarder is. De krediteuren woene yn kassaasje gean tsjin de útspraak, mar tinke net dat it in soad opsmite sil. By Cambuur is optein reagearre op it nijs.