Skuorren feankades; gjin gefaar

© Omrop Fryslân
Yn de feankades yn it Fryske Marregebiet sitte wol skuorren, mar gefaar foar oerstreaming is der net. Dat docht bliken út de ynspeksjes fan it Wetterskip Fryslân. Mei elkoar is der dizze wike al 100 kilometer oan binnediken besjoen.
Troch it waarme waar bestiet it gefaar dat de diken ynstabyl wurde. De feankades sille sa gau mooglik ferbettere wurde.