Goede twadde dei Yngling-froulju

© Omrop Fryslân
Ek op de twadde dei fan it EK Yngling yn Medemblik hawwe de Nederlânske froulju it goed dien. Bynammen de boat mei Brechtje van der Werf fan Snits, Petronella de Jong fan St. Jabik en Mandy Mulder foel op. Se behellen in twadde en in tredde plak yn de races en giene dêrtroch fan it 15e nei it 5e plak yn it algemien klassemint.
De boat mei Marije Kampen fan Starum stie juster noch twadde, mar se binne ynhelle troch in Australyske Yngling.