Twa kear ynbrutsen yn Burgum

27 jul 2006 - 12:00

Unbekenden ha woansdeitenacht op twa plakken yn Burgum ynbrutsen. It giet om de kantine fan de tennisferiening en in hoarekasaak. In tsjûge seach dat in man fia in rút de kantine yn gong. De plysje wie der gau by, mar koe de fertochte net mear fine. Der is wat lytsjild stellen.

Letter fannacht waard der ynbrutsen yn in hoarekasaak yn Burgum. Ek hjir koe de plysje de manlju net mear te pakken krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)