Weststellingwerf drok mei argyf

© Omrop Fryslân
De gemeente Weststellingwerf hat de ôfrûne tiid drok dwaande west om it gemeentlik argyf te ynventarisearjen. It giet dan om materiaal fan ûnder oaren de Rietvlechtskoalle yn Wolvegea, it âlde gasbedriuw en korrespondinsje fan de gemeente. Oan't 1969 is no alles klear.
Om foldwaan te kinnen oan de wetlike easken moatte eins sa gau as mooglik de stikken oan't 1979 ynventarisearre wurde.