Underwiisburo Opsterlân ticht

27 jul 2006 - 11:59

It ûnderwiiskundig advysburo yn de gemeente Opsterlân giet ticht. Besletten is alle foarsjennings fan it buro op te splitsen en op oare plakken ûnder te bringen.

Goed twa jier lyn kaam de ûnderwiisynspeksje mei in tige kritysk rapport oer de kwaliteit fan it ûnderwiis yn de gemeente Opsterlân. In soad bern soene ûnder de maat prestearje. Der wie doedestiids in soad oer te dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)