Antihomodûmny fuort út Reitsum

© Omrop Fryslân
Dûmny Lichti fan de herfoarme-grifformearre federaasje yn Reitsum hat ûntslach naam. Lichti kaam yn opspraak nei in gastpreek yn Alphen aan de Rijn. Hy stelde dêryn homoseksualteit gelyk oan ynsest, en seks mei bisten. Ek feroardielde hy op hurde toan eutanasy.
De útspraken foelen ferkeard by de tsjerkeried en in soad gemeenteleden. Der wiene al langer spannings, mar de preek wie de úteinlike drip.