Boerebrulloft giet troch

© Omrop Fryslân
De tradisjonele boerebrulloft op de Jouwer is woansdei nettsjinsteande de waarmte, gewoan trochgien. Op it stuit steane bûtenaktiviteiten ûnder druk om't organisaasjes benaud binne foar claims nei it drama yn Nijmegen. Skarsterlân lit alles lykwols gewoan trochgean, ek de Ballonfeesten.
De besikers wurdt wol frege in soad te drinken. Benammen de dielnimmers fan de brulloft hawwe dat nedich, mei de gouden earizers en fjouwer rokken oan.