Fryske boarterstunen feilich

© Omrop Fryslân
Mei de brânfeiligens by de trije oerkape boarterstunen yn Fryslân is neat oan de hân, sizze de eigners. Se reagearje op in rapport fan it ministearje fan VROM dêr't yn stiet dat oerkape boarterstunen yn in protte gefallen net feilich binne. Tastellen binne soms 6 meter heech en is it in gribus oan gongen, tunnels en brechjes.
Ballorig yn Hearrenfean, Aeolus yn Seisbierum en Sanjesfertier op de Westerein binne yn Fryslân ûndersocht.