Famke (16) fermist út 't Poortje

27 jul 2006 - 08:59

De 16-jierrige Naomi Nijboer út Jistrum wurdt fermist. It famke sit yn de jeugdfinzenis it Poortje yn Grins, mar is net weromkaam fan har wykeinferlof. Se soe fan 't wykein by har âlders thús komme yn Jistrum. Se hat noch belle dat se op it stasjon wie, mar is noait thús kommen.

Woansdei hat se mei in groepsgenoatsje belle dat se mei in freontsje yn Ytalië is, mar it is net dúdlik of dat ek echt sa is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)